Harvest (album fan Neil Young)

Harvest is it bekendste en súksesfolste album fan de Kanadeeske sjonger/lietskriuwer/gitarist Neil Young. It album waard útbrocht yn 1972 en wie oer de hiele wrâld in grut súkses. It hat yn de Feriene Steaten, Kanada en Grut-Brittanje op it earste plak fan de album-list stien. Ek yn Nederlân hat it sân wiken boppe-oan stien. It album soarge foar syn ynternasjonale trochbraak, mar dêr wie hy sels net sa bliid mei. Dêrom hat er op syn folgjede albums ek in oare wei ynslein.

Op Harvest spilet Neil Young mei de begeliedingsband The Stray Gators, besteande út de muzikanten Jack Nitzsche (piano), Ben Keith (steelgitaar), Tim Drummond (basgitaar) en Kenny Buttrey (drums).
Op “A man needs a maid” en “There’s a world” spilet it London Symphony Orchestra mei. “The needle and the damage done” is live opnaam yn de Royal Albert Hall.
De single “Heart of Gold” waard ek in grut sukses. It is in rêstich, melodieus ferske. “The Needle and the damage done” giet oer de heroïneferslaving fan Danny Whitten, de gitarist fan Crazy Horse.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy